Kalifornyske kalkoen

Kalifornyske kalkoen

In artistike ympresje fan 'e Kalifornyske kalkoen en syn grutte yn ferhâlding ta de minske.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kalkoenen (Meleagris)
soarte
Meleagris californica
Miller, 1909
IUCN-status: útstoarn

De Kalifornyske kalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris californica) wie in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kalkoenen (Meleagris). Dizze soarte kalkoen kaam yn it Pleistoseen en it iere Holoseen foar yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en is bekend fan fossilen. Saakkundigen rûze dat de Kalifornyske kalkoen likernôch 10.000 jier lyn útstoarn is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search